Jonge (19) ferdrinkt yn stedsgrêft Ljouwert

26 jun 2021 - 15:19

In jonge fan 19 jier âld is ferdronken yn de grêft by de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Omstanners besochten him út it wetter te heljen, mar dat mislearre.

Foto: Kappers Media

De brânwacht fûn de jonge sneontemoarn nei in pear sykslaggen yn it wetter. Dûkers ha him út it wetter helle, en minsken fan de ambulânse binne fuortendaliks begûn mei reanimaasje, mar dat koe him net mear rêde.

De plysje wol it berjocht net befêstigje, mar online binne in soad freonen dy't de jonge betinke.

By de grêft binne tal fan blommen dellein.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
Ljouwert drinkeling
(Advertinsje)
(Advertinsje)