Ferwûne by stekynsidint yn Drachten

26 jun 2021 - 07:30

Yn Drachten is in jongeman yn syn skonk stutsen mei in stekwapen. Dat barde oan de Zuidkade yn de nacht fan freed op sneon, tsjin healwei trijen. It wie de earste nacht dat de hoareka mei ferromme maatregels wer iepen mocht.

Foto: Noordernieuws

By in hoarekasaak wie in konflikt ûntstien wêrby't it slachtoffer stutsen waard. Hy is nei it sikehûs oerbrocht. De plysje hat tsjûgen heard en hat ek socht nei de fertochte. Foar safier bekend is, is net ien oanhâlden.

Lanlik mear messen yn beslach naam

Lanlik blykt dat it tal minderjierrigen dat fertocht wurdt fan belutsenheid by in stekynsidint ferline jier net fierder tanaam is. Ut ûndersyk fan de plysje docht bliken dat it yn 2020 gie om goed 400 jonges en famkes ûnder de 18. Dat is hast likefolle as it jier dêrfoar, mar twa kear safolle as yn 2018. It tal messen dat by jongeren yn beslach naam wurdt, rint wol op.

Trefwurden: 
plysje Drachten stekpartij
(Advertinsje)
(Advertinsje)