Alfons Dölle (65) ferstoarn

Yn syn wenplak Grins is Alfons Dölle tiisdeitejûn stoarn. Dölle wie heechlearaar steatsrjocht oan de Ryksuniversiteit en siet foar it CDA yn de gemeenteried fan Grins en yn de Earste Keamer.
Dölle wenne jierren yn Bakhuzen en hat him bot ynset foar it Frysk. Sa wie er foarsitter fan it Konsultatyf Orgaan Frysk. Fierder skreau er fan 2004 oant 2010 in twawyklikse kollum yn de Ljouwerter Krante. Alfons Dölle is 65 jier wurden.