It Fryske Gea hjit wer minsken wolkom: gjin frijwilligerferlies troch corona

25 jun 2021 - 19:49

Nei hast oardel jier giet ek It Fryske Gea wer los: fan 1 july ôf binne de besikerssintra wer iepen en kinne natuerleafhawwers wer meidwaan oan ekskurzjes. Nettsjinsteande de coronastop hat de natuerorganisaasje eins gjin frijwilligers ferlern, jout manager Ebo del Grosso fan It Fryske Gea oan.

Besikerssintrum fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen yn Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De coronakrisis hat wol hiel wat gefolgen hân, sa fertelt Del Grosso. "Sûnt maart 2020 leit ús hiele ôfdieling eins al plat, alle aktiviteiten om ekskurzjes en de besikerssintra hinne. Dan leit der ek in grut orgaan mei 120 frijwilligers stil. Je hâlde der kontakt mei, mar eltsenien wol it leafst wer it fjild yn."

Frijwilligers der by hâlde

Ta in ferlies oan frijwilligers hat it dus net laat. "Der binne in pear frijwilligers opholden, mar dat is minimaal. De measten koene wy oan board hâlde. Wy hawwe ek besocht safolle mooglik oan te bieden yn de tiid dat sy net aktyf wêze koene, lykas online lêzingen. Echt om te besykjen de frijwilligers belutsen te hâlden."

It wie moai en waard wurdearre, mar it is no wer tiid om de natuer yn te gean. "Wy starte alles wer op, mar wol út de RIVM-regels wei. Dat betsjut dat wy bygelyks net mei 20 man op 'en paad gean, mar mei mar 10 man. En op de rûnfeartboat yn De Alde Feanen binne 8 minsken wolkom, wylst der oars 20 op koene. Der binne dus noch wol wat restriksjes, mar it is allegearre goed út te fieren."

Minsken fine de natuer

Aldergeloks is de belangstelling foar de natuer der ek altyd noch, seit Del Grosso. Sterker noch, dat is allinne mar tanaam: "Wy hawwe murken dat it yn natuergebieten tige drok west hat. Minsken hawwe de natuer echt fûn yn de coronaperioade."

Ebo del Grosso fan It Fryske Gea, manager edukaasje en rekreaasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)