Eask tsjin Snitser (24) foar digitale oplichting: 70.000 euro ôftroggele

25 jun 2021 - 19:23

In 24-jierrige Snitser soe in jier de sel yn moatte en ferplichte behannele wurde moatte fanwegen it oplichten fan tsientallen minsken, sa is de eask fan it Iepenbier Ministearje. De man brûkte ferskate wizen om minsken jild ôf te troggeljen. Under oare troch fia websiden guod te ferkeapjen, mar dat net te leverjen. Mei-elkoar fertsjinne er der sa'n 70.000 euro oan.

Foto: Shutterstock.com (Song_about_summer)

It Iepenbier Ministearje sprekt fan 'digitale bankroven.' De fertochte wie op syn 17e yn oanrekking kaam mei gokken. Dêr hie der jild foar nedich en hy fûn it spannend om te sjen hoefier hy gean koe mei it oplichtsjen.

Cryptominen

De man hat tsientallen minsken oplichte. Sa hat er op Instagram minsken ferlaat om jild oer te meitsjen. Dy tochten der in grutter bedrach foar werom te krijen trochdat it ynvestearre wurde soe, mar dat waard net dien. Mei de bankgegevens fan de minsken koe de fertochte jild fan de rekkens ôfskriuwe. Mei dit saneamde 'cryptominen' hat hy wol 15.000 euro fertsjinne.

Ferskate foarmen fan oplichting

Fierder hat hy 25.000 euro krigen troch âlderein wiis te meitsjen dat harren bankrekken hackt wie troch Ganeeske kriminelen. "Oudere mensen angst aanjagen, ze een zogenaamde helpende hand bieden om ze vervolgens voor zo'n bedrag op te lichten is onacceptabel", sei de offisier fan Justysje.

Foarljochter Melanie Kompier fan it Iepenbier Ministearje

Fia in ferkeapwebside hat de man 18.000 euro fertsjinne oan 27 minsken, troch guod dat sabeare yn de ferkeap wie net te leverjen. Ek die er him fia WhatsApp foar as famylje om minsken jild nei him oermeitsje te litten. Sa fertsjinne er nochris 5.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)