De Harkema komt om yn de skyldpodden: Nederlânske opfangsintra sitte fol

De skyldpodde-opfang yn De Harkema hat it smoardrok. Der wurde hieltyd mear skyldpodden fûn yn de natuer en nei de opfangsintra brocht. De Harkema is de iennichste opfang yn it lân dy't noch romte hat om de bisten op te fangen.
Skyldpodden
De skyldpodden komme út it hiele lân wei nei De Harkema ta. Dêr sitte no sa'n 1.800 en der kinne noch wol in pear tûzen by. Mar: de oare opfangsintra sitte hielendal fol.

Goedkeape skyldpodsjes

Gerard van der Wijk is eigener fan de opfang yn De Harkema. Hy sjocht it tanimmen fan it tal skyldpodden ek en wit wol wêr't it troch komt. "Dizze skyldpodden hawwe hiel populêr west. Foar in pear euro wiene sy yn de winkel te krijen. Lytse, skattige skyldpodsjes. Mar sy wurde fluch grut en dat wurdt in soad minsken te folle."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De minsken litte de skyldpodden los yn de natuer, mar it Nederlânske klimaat is it foar de skyldpodden net geskikt. In hiel soad oerlibje it dan ek net. "Sy komme fan Súd-Amearika, dus ús seeklimaat is eins fierstente wikseljend en te kâld foar dizze skyldpodden."

Fertutearze

It gefolch is dan dat se yn de natuer stadichoan ferhongerje", seit van der Wijk. De skyldpodden dy't by de opfang brocht wurde, binne der net goed oan ta. "Hast alle skyldpodden dy't wy binnen krije binne swier fermeagere en sitte ûnder de parasiten."
Om yn de takomst ek alle skyldpodden opfange te kinnen, moat der wol wat barre. In oplossing is it ferbod op de ferkeap fan skyldpodden, mar ekonomysk sjoen sil dat der neffens van der Wijk net troch komme. "Der wurdt gewoan te folle fertsjinne op alles wat by de skyldpodden heart. Dus de echte oplossing is it opfangprobleem."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Gerard soe fan de opfang yn De Harkema dan ek graach in reservaat meitsje wolle. "Wy binne al oan it útwreidzjen en kinne noch genôch kwyt, mar it probleem is sá grut. It moaiste soe dochs wol wêze om hjir úteinlik in plak te meitsjen dêr't de skyldpodden goed libje kinne."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers by de skyldpodden