Ferkearshert E10 by Ryptsjerk oanpakt: dit wykein omride

De krusing fan de N361 mei de N355, yn de folksmûle E10, is oant en mei moandeitemoarn 06.00 oere folslein ôfsletten foar al it ferkear. De provinsje Fryslân fiert yn gearwurking mei meardere oannimmers grut ûnderhâld út oan de Ryksstrjitwei (N355) yn krusing mei de Westerdyk (N361).
Der moat in soad wurk dien wurde:
Dat betsjut dat al it asfalt fan tongersdeitejûn 18.00 oere ôf op en om de krusing hinne fuort freesd is. Dêrnei is der freedtemoarn fuortendaalks úteinset mei it lizzen fan in nije tuskenlaach.
Yn de rin fan freed en sneon wurdt de úteinlike toplaach lein. Foardat de toplaach der op mei, wurde de ferkearslussen foar de Ferkears Regel Ynstallaasjes lein. Ta beslút moatte der noch dykmarkearringen oanbrocht wurde. Dan mei de dyk net wiet wêze, dus der is in 'útrindei' pland op snein.
Ferslachjouwer Ben de Jager op it 'ferkearshert E10'
Projektlieder Nynke Bergema fan de provinsje Fryslân oer de oanpak fan E10: "De grutste útdaging binne neist de planning de omliedingen, en dat minsken har dêr oan hâlde moatte. Ek moatte dy omliedingen sa min mooglik oerlêst jaan foar de omwenners. Wy besykje it yn elts gefal te beheinen."
Yn dizze situaasje is derfoar keazen om de ôfsluting yn in wykein te plannen. "Dan hawwe de minsken der in skoftke bot lêst fan, yn stee fan hiel lang wat minder swiere oerlêst."
Klaas de Vegt fan Traffic Service Nederlân is de einferantwurdlike wat de buorden oanbelanget, om de omliedingen yn goede banen te lieden. "Foar ús is de útdaging meastentiids om op 'e tiid de dyk tichtset te hawwen. Dat wie yn dit gefal tongersdeitejûn 18.00 oere. Dat is slagge om't wy om 15.30 oere begûn binne mei it pleatsen fan de buorden yn de bûtengebieten."
As alles giet sa't it moatte soe, kinne moandeitemoarn om 06.00 oere de earste bestjoerders, fuotgongers en fytsers wer oer it ferkearshert.