Geheimsinnige túnfynst is nij pronkstik foar Kollumer Museum

25 jun 2021 - 20:16

It Kollumer Museum iepenet takom wike moandei har duorren mei in gloednij pronkstik: in saneamde 'alsengem'. It amulet út de midsiuwen waard yn 2000 fûn troch Westergeaster Henk Dijkstra: "Wy wiene de tún oan it renovearjen en doe seach ik wat lizzen. Sûnder der acht op te slaan pakte ik it op en treau ik it yn 'e bûse. Ik tocht: it is in knoop."

In reportaazje oer it geheimsinnige pronkstik

Dijkstra hie it stikje histoarje noch yn 'e bûse sitten doe 't er doarpsgenoat en histoarikus Oebele Vries trof oan de bar by in gearkomste fan doarpsbelangen. Vries, dy't ek yn it bestjoer fan it Kollumer Museum sit, wit noch goed hoe fernuvere hy wie: "Hie er dat dinkje ynienen yn de hân. Ik skuorde grutte eagen op. Jonge! Dat is in alsengem! Dat is hiel bysûnder!"

It amulet - Foto: Omrop Fryslân

In alsengem is in rûn of ovaal stientsje, dat makke is fan twa lagen glês dy't oaninoar smolten binne. Nei alle gedachten komme de amuletten út de perioade 1100 oant 1300. Faak binne der lytse mantsjes op krast. Wêr't se foar brûkt waarden is net dúdlik.

Vries: "It binne hiele geheimsinnige dingen." Hy kin fertelle dat der yn Fryslân in lytste tweintich fan fûn binne, wêrfan't de measten yn it Fries Museum lizze. Wat it amulet foar wearde hat? Dêr soe Dijkstra neffens de histoarikus Tussen Kunst en Kitsch foar ynskeakelje moatte.

Kollumer Museum

De Westergeaster alsengem is troch Dijkstra foar fiif jier beskikber steld oan it Kollumer Museum. Vries is der tiige wiis mei. "Dat hiele lytse knoopke meie we hjir no yn ús útstalling lizze."

Ferslachjouwer Earryt Sijens yn petear mei finer Henk Dijkstra en histoarikus Oebele Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)