Takomst COC Friesland stiet faai: "Desintralisaasje hat net goed west"

25 jun 2021 - 18:25

COC Friesland fynt dat provinsje Fryslân de finansjele noed fan de belange-organisaasje foar de LHBTIQ+-mienskip tefolle fan him ôfskoot. COC hat it dreech, mar de provinsje wol net meiwurkje. Formeel moat it COC by de gemeenten oanklopje. Mar as dy net wolle of easken oan it jild stelle, kin it COC gjin kant op. En dat wylst sy wol belied útfiere moatte op it mêd fan ynklúzje, seit COC Friesland.

Foto: ANP

Provinsje Fryslân hat om 2018 hinne besletten om it benutten fan COC Friesland te desintralisearjen. "Wij moeten voor geld dus aankloppen bij de gemeenten. Maar dat betekent wel dat we het moeten hebben van individuele gemeenten," seit Judith Krijgsman, koördinator by COC Friesland.

Ynklúzje útfiere

En dêr sit no krekt it probleem. "Want sommige gemeenten eisen dat wij het geld alleen voor bepaalde doeleinden gebruiken. Andere gemeenten vinden hechten er helemaal geen belang aan en kijken minder plezierig naar het COC. Dan houdt het gewoon op. Van de 18 Friese gemeenten zijn er slechts 3 die ons financieel ondersteunen."

Neffens Krijgsman hat de desintralisaasje in nuvere sprong west. "Want het COC geeft uitvoering aan het beleid op inclusie. Er is geen andere organisatie die dat doet. Aangezien wij een beleidsuitvoerende rol hebben en invulling geven aan gesteld beleid, vind ik ook dat het terecht is dat het COC nu aanklopt hij de provincie voor hulp."

It ferdwinen fan de ôfdieling is reëel

De noed is grut, leit Krijgsman út. Want stel: der komt gjin stipe? "Dan denk ik dat we het bijltje er dan bij neer moeten gooien. Dat betekent dat er geen COC Friesland meer is. Dat scenario is heel reëel. Binnen de komende maanden moet er echt een besluit vallen."

Op dit stuit draait de organisaasje op 40 frijwilligers. Krijgsman: "Die doen dat allemaal met liefde, maar zij krijgen er geen cent voor. Daarnaast hebben we binnen die vrijwilligers 15 voorlichters die geheel belangeloos een eigen lespakket gemaakt hebben. Het zou fijn zijn als je eens iets voor die mensen terug zou kunnen doen."

By belied heart ek it fasilitearjen

Krijgsman seit mei klam dat it net sa is dat COC Friesland allinne mar de hân ophâldt. "Je moet als vereniging ook vooruitkijken en je afvragen wat bij deze tijd past. Maar COC Friesland heeft maanden geleden al duidelijk gezegd te kijken naar andere inkomsten. Dus ook actief op zoek gaan naar inkomsten. Dat doen we ook."

Stipe op projektbasis is moai, mar dêrmei rêde je it net, seit Krijgsman. "Je kunt een bepaald beleid willen hebben, maar dan moet je ook zorgen voor structurele bediening."

Judith Krijgsman, koördinator by COC Friesland

(Advertinsje)
(Advertinsje)