Cambuurdirekteuren trije jier langer yn Ljouwert: "De klus is nog niet af"

25 jun 2021 - 16:16

Algemien direkteur Ard de Graaf en finansjeel direkteur Gerald van den Belt foarmje ek de kommende trije jier de direksje fan SC Cambuur. It twatal is yngien op it foarstel fan de Rie fan Kommissarissen om langer by de klup te bliuwen. "De klus is nog niet af", seit it duo.

f.l.n.r Ard de Graaf, Foeke Booy, Gerald van den Belt - Foto: Orange Pictures

De manlju, dy't al twa kampioenskippen efter harren namme hawwe by Cambuur, hawwe de kommende jierren as meast belangrike doel it nije Cambuur Stadion te realisearjen.

Lang tsjinstferbân

Ard de Graaf is al sûnt 2011 ferbûn oan de Ljouwerters. "In mijn tien jaar bij Cambuur hebben we ontzettend veel meegemaakt en wat dat betreft ben ik echt helemaal vergroeid geraakt met deze prachtige volksclub. Het gaat met het nieuwe stadion steeds meer de goede kant op en dat proces willen we graag met elkaar afmaken", seit De Graaf.

Van den Belt begûn sels yn 2009 al by Cambuur. Hy makke noch wol in lytse tuskenstop by FC Twente. "Nog steeds ga ik elke dag met veel plezier van Kampen naar Leeuwarden en we zitten in een mooi proces; zowel sportief als op stadion- en organisatorisch gebied. We hebben beide erg veel zin en ambitie om dit af te maken en om met deze club in een nieuw stadion te gaan voetballen", sa seit de finansjeel direkteur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)