Freedsmerk: "Yn oare lannen binne feteranen faak helden, mar by ús net"

"Yn oare lannen binne feteranen faak helden, mar by ús net. Dat sit net yn ús kultuer." Dat wie in reaksje op de Ljouwerter freedsmerk op de nasjonale Feteranedei dy't sneon wer holden wurdt. In soad minsken fine dat wat mear wurdearring foar feteranen op syn plak wêze soe, mar in grutte parade en allegearre privileezjes foar harren, giet de measten wat te fier.
© Omrop Fryslân, René Koster
In loftmachtfeteraan dy't yn it eardere Joegoslavië, Albanië en Afganistan tsjinne hat, fertelde ek dat se yn ús lân beslist gjin heldestatus ha, mar dat hoegde om him ek net. In oare man fertelde dat syn soan plannen hat om it leger yn. Dat sjocht er leaver oars, mar "Dat zeg ik dan één keer, maar hij moet zelf beslissen."

Job Cohen

Op de merk rûnen we tafallich ek âld-politikus en -boargemaster Job Cohen tsjin it liif. Hy fertelde dat er as boargemaster fan Amsterdam yn it ferline ferskate feteranen in medalje opspjelde mocht en dan altyd ûnder de yndruk wie fan de ferhalen. "Velen hadden ook nog last van een PTTS-syndroom en dat heeft zijn oorzaken, natuurlijk. Daarom is het goed dat ze niet vergeten worden en er door deze dag weer aandacht aan wordt besteed."
Ien fan de keaplju fertelde fierder noch dat freonen fan him earder útstjoerd west ha nei Joegoslavië. "En daar zijn toen wel veel brokken gemaakt!" Ien man fertelde dat er hielendal neat hat mei feteranen: "Ik ben socialist en pacifist en er op tegen dat geld verdiend wordt met wapens. Dus sorry...."
Ferslachjouwer René Koster wie op de Freedsmerk