13 nije coronabesmettingen yn de ôfrûne dei, gjin stjergefallen of opnamen

25 jun 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 13 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der fjouwer mear as tongersdei. Doe gie it om njoggen besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om tolve besmettingen deis. In wike lyn lei dat trochsneed noch op njoggentjin besmettingen deis.

De measte besmettingen binne fêststeld yn Ljouwert mei 4 besmettingen. Dêrnei folgje Hearrenfean mei 3 en Weststellingwerf en Súdwest-Fryslân mei elts 2 besmettingen.

De ôfrûne dei binne der 11 fan de 18 Fryske gemeenten frij bleaun fan registrearre besmettingen.

Gjin stjergefallen en opnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 659 nije coronagefallen registrearre. It lanlik trochsneed fan de ôfrûne wike leit op 675.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus coronasifers
(Advertinsje)
(Advertinsje)