Lange wachttiden by de iennige Fryske teststrjitte foar tagong troch technyske steuring

25 jun 2021 - 16:17

Troch technyske problemen binne der lange wachttiden ûntstien by de iennige Fryske 'teststrjitte foar tagong' yn Ljouwert. It komt troch fertraging yn it mailsysteem, dêrtroch kinne ôfspraken minder rap ferwurke wurde. It kin in flinke tebeksetter wêze foar ûndernimmers en minsken dy't bygelyks graach nei in kroech of diskoteek wolle.

Minsken kamen om 'e nocht by Crystallic:

Guon hoarekasaken hawwe der foar keazen om mei it saneamde 'testen foar tagong' iepen te gean: de 1,5 meter ôfstân mei dan loslitten wurde. Dat is wichtich foar benammen lytse kroegen dêr't net de romte is om genôch ôfstân te hâlden. Mar no't der grutte problemen binne mei it testen en de app dy't dêr by heart, is it de fraach oft de swierrichheden op tiid oplost binne.

Der sit maleur yn it ICT-systeem, sa seit de organisaasje. It komt troch fertraging yn it mailsysteem, wêrtroch't ôfspraken minder fluch ferwurke wurde kinne.

Krekt freed kroegen langer iepen

It komt min út: krekt freed meie de kroegen langer iepen. Allinnich yn de teststrjitte by it Ljouwerter Crystalic wiene freed al 800 minsken dy't har teste litte woene sadat se de kommende 40 oeren tagong hawwe by in evenemint of yn in kafee.

Minsken wurde nei hûs ta stjoerd en sy wurde frege om sneontemoarn werom te kommen.

Midden yn de drokte

"We hebben dit weekend een redelijke toename qua afspraken door de nieuwe regels, dus het is vrij druk", hat in wurdfierder witte litten. "Als je dan vertraging hebt, dan kunnen de wachttijden bij sommige locaties oplopen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(Advertinsje)
(Advertinsje)