Doelman Xavier Mous presintearre by SC Hearrenfean

25 jun 2021 - 14:49

Doelman Xavier Mous is freedtemiddei offisjeel presintearre by SC Hearrenfean. De 25-jierrige doelman tekenet yn it Abe Lenstra Stadion in kontrakt foar twa seizoenen. Mous komt transferfrij oer fan PEC Zwolle.

Doelman Xavier Mous:

De doelman spile yn twa jier tiid 28 wedstriden foar de Zwollenaren, dêryn krige hy 56 tsjindoelpunten te ferwurkjen.

Mous waard oplaat troch Ajax. Dêrnei spile hy noch trije jier by TOP Oss. Yn it seizoen 2018-2019 kaam Mous út foar SC Cambuur. Yn 44 wedstriden moast hy 57 kear de bal út it net fiskje. Mous waard yn dat seizoen nominearre foar de titel 'Beste keeper fan it seizoen' yn de earste difyzje.

Technysk manager Ferry de Haan:

Konkurrinsje

By Hearrenfean moat Mous de konkurrinsje oangean mei Erwin Mulder, sa seit technysk manager Ferry de Haan. "We zijn blij dat we Xavier kunnen presenteren. Hij past bij de manier waarop wij willen spelen en beschikt over de nodige ervaring. Bovendien zien wij in hem ook potentie: voor een keeper is hij nog jong", sa seit De Haan.

Foto: Orange Pictures
Trefwurden: 
SC Hearrenfean Xavier Mous
(Advertinsje)
(Advertinsje)