Rabbyn en sjoernalist Tamarah Benima hâldt Rede fan Fryslân

Rabbyn, kollumnist en sjoernalist Tamarah Benima docht dit jier de Rede fan Fryslân. Op 28 oktober dielt Benima har fyzje op Fryslân ûnder de titel Zonder waarheid kunnen we niet. Maar welke? Van Bonifatius tot Woke.
© Provinsje Fryslân
Benima is sûnt 2009 rabbyn fan de Progressief Joodse Gemeente Noord-Nederland Beth Hatsafon en sûnt 2015 fan de gemeente Beit Ha'Chidush yn Amsterdam. Sy wurke as ferslachjouwer en haadredakteur by it Nieuw Israëlitisch Weekblad, skreau kollums yn ferskate deiblêden, sa as it Friesch Dagblad, organisearret Iepen Synagoge Tsjinsten, hâldt lêzingen en set Joadske boeken oer.

Tradysje

De Rede fan Fryslân is in jierlikse tradysje fan de provinsje. Op útnûging fan de kommissaris fan de Kening hâldt in prominint persoan fan bûten de provinsje mei it each op de takomst Fryslân de spegel foar.
Eardere sprekkers wiene minister fan Lânbou Carola Schouten, meteorolooch en NOS-waarman Gerrit Hiemstra, âld-foarsitter fan de Europeeske Rie Herman van Rompuy, bedriuwskundige, publisist en earder politikus Pieter Winsemius, Prins Carlos de Bourbon de Parme, sjoernalist Olaf Koens, âld-foarsitter fan de Twadde Keamer Gerdi Verbeet, VNO-NCW-foaroanman Bernard Wientjes en CPB-direkteur Gerrit Coen Teulings.