Mees Hoedemakers ferlinget kontrakt by Cambuur

25 jun 2021 - 14:23

Mees Hoedemakers hat syn kontrakt by SC Cambuur mei ien seizoen ferlinge. Dat hat de klup freedtemiddei bekend makke. De middenfjilder leit no fêst oant de simmer fan 2023.

Foto: Orange Pictures

De 23-jierrige fuotballer wie de ôfrûne twa seizoenen ien fan de sterkhâlders yn de Ljouwerter kampioensploech. De Zaandammer kaam yn 2019 oer fan AZ Alkmaar, earst op hierbasis en letter definityf. Hoedemakers kaam sûnt dy tiid santich kear yn aksje. Hy makke dêryn fjouwer goals en joech fjirtjin kear in assist.

Ynteresse

Mei de ferlinging fan it kontrakt fan Hoedemakers is de needsaak om him dizze simmer te ferkeapjen fuort. It Italiaanske Lecce toande earder al serieuze ynteresse yn de Cambuurspiler.

Hoedemakers fynt it lykwols noch gjin tiid om Cambuur efter him te litten. "Het zijn twee hele bijzondere jaren geweest waarin ik me goed heb kunnen ontwikkelen. Dat heeft alles te maken met de mensen van de club en de manier van spelen. Daarnaast heb ik het enorm naar mijn zin en kan ik niet wachten om met Cambuur de Eredivisie in te gaan", seit Hoedemakers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)