FNV ropt op ta lanlike staking meiwurkers berne-opfang op 8 july

25 jun 2021 - 14:04

Wurknimmers yn de berne-opfang yn Fryslân en harren kollega's yn de rest fan Nederlân sille stake op tongersdei 8 july. Dat hat it fakbûn FNV freed oankundige.

Foarbyldfoto fan in pjut op de berne-opfang - Foto: Shutterstock.com

Twa wurkjouwersorganisaasjes kamen dizze wike ta in cao-akkoart mei it fakbûn CNV en dêr is it fakbûn FNV poerrazend oer. Neffens it FNV soarget it akkoart wol foar in leansferheging fan 3 prosint, mar docht it neat tsjin de wurkdruk. Meiwurkers falle by boskjes om en bern sille dêr de dupe fan wurde, liet it bûn earder al witte. Tiid om ta aksje oer te gean, fynt it FNV.

Betiizjend

Foarsitter Gjalt Jellesma fan BOinK, de lanlike belangeferiening foar âlden yn de berne-opfang, fynt it ferfelend dat de oerienkomst net mei beide fakbûnen sletten is. "Het is een beetje verwarrend, omdat er nu met één vakbond een akkoord is. De FNV is daar duidelijk niet tevreden mee en wil toch gaan staken. Het is heel lastig voor ons om inzicht te krijgen in hoeverre die stakingsoproep gevolgd zal worden."

Jellesma hie leaver hielendal gjin staking hân, om't it dellizzen fan it wurk syn wjerslach ha sil op de âlden en de bern. "Ik vind het vooral jammer, omdat we na een heel onrustig jaar waarin ouders thuis vaak werk en de zorg voor jonge kinderen moesten combineren, dat nu we net weer een beetje op gang zijn gekomen er een stakingsdag volgt. Dat hadden we liever niet gehad."

Begryp foar staking

Oan de oare kant begrypt er ek wol dat der noed is oer de hege wurkdruk yn de berne-opfang en der aksje nedich is. Neffens him is der ek in soad stipe fan âlden foar de meiwurkers fan de berne-opfang.

"De pedagogische medewerkers mogen wat ons betreft best wat zelfbewuster naar buiten treden", seit Jellesma. "Ze doen heel belangrijk werk. Het is veel meer dan alleen met het oppassen op kinderen. Ook in bepaalde delen van Fryslân krijgen kinderen ook niet altijd de grootste kansen en de kinderopvang kan ontzettend helpen om kinderen een goede start op school te laten maken."

Foarsitter Gjalt Jellesma fan BOinK

Trefwurden: 
berne-opfang
(Advertinsje)
(Advertinsje)