Noch mar trije coronapasjinten yn Fryske sikehuzen

25 jun 2021 - 13:34

It tal coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen is fierder sakke. It binne der op it stuit trije. Ofrûne tiisdei wienen dat noch fiif en presys in moanne lyn noch 42. Dat seit it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland.

In oersjoch fan it tal besette bêden yn de Fryske sikehûzen (docht de grafyk it net goed, klik dan hjir):

Fan de trije coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen lizze der twa op in intensivecarebêd. Dat is gelyk oan ôfrûne tiisdei.

Yn de trije noardlike provinsjes lizze yn totaal seis coronapasjinten yn de sikehuzen.

Trefwurden: 
sikehûzen coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)