GGD Fryslân positiver as ea oer coronasituaasje: "Dit ha we fertsjinne"

25 jun 2021 - 12:35

GGD Fryslân-direkteur Margreet de Graaf is tige posityf oer de hjoeddeiske stân fan saken op it mêd fan it coronafirus yn Fryslân. Yn de ôfrûne wiken waarden mar 89 besmettingen fêststeld yn ús provinsje en Fryslân gie op de Europeeske coronakaart fan read nei grien. "Het is hartstikke moai om op dit momint yn de tiid te wêzen. We hawwe sa'n drege tiid hân mei inoar. Dit hawwe we fertsjinne", seit De Graaf.

Neffens De Graaf komme de positive sifers foar in hiel grut part troch de faksinaasjekampanje. "Dus it wurdt ek in hiel oar neijier", seit de direkteur.

Hoewol't der yn de media berjochten ferskine dat der mooglik yn it neijier wer in lockdown komt, is De Graaf der minder bang foar. "Ik besykje dan te sizzen 'pas op, pas op' is miskien wat te folle, want dan moat der in fariant wêze dy't faksinearre minsken ek treft."

"It tal besmettingen sil miskien wol wer oprinne, mar ik freegje my ôf oft de soarch wer folrint", seit se. Dat betsjut dat De Graaf dus ek posityf is oer de oankommende ferrommingen. "We meie hjir even fan genietsje."

PCR-test

No't Fryslân wer op grien stiet, betsjut dat wol dat ús provinsje in soad toeristen ferwachtsje kin. Mei om dy reden hâldt GGD Fryslân op mei it testen mei in antigeen-test. Der wurde fan moandei ôf allinnich noch PCR-testen ôfnaam. Dêrmei kin de GGD better ûndersyk dwaan en better yn de gaten hâlde oft der nije farianten ús provinsje ynkomme.

Dat betsjut wol dat de tiid tusken de test en de útslach langer wurdt. "Mar minsken dy't faksinearre binne hoege ek net mear in karantêne, dus de ympakt fan dy tiid is ek minder", seit De Graaf.

Janssen-faksin

Dat de faksinaasje-kampanje op folle toeren rint, is ek te fernimmen oan de belangstelling foar it Janssen-faksin. Sûnt ôfrûne woansdei wie it mooglik om te beljen foar dat faksin. Yntusken binne de 6.800 faksins dy't Fryslân krije soe allegearre al reservearre.

GGD-direkteur Margreet de Graaf

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
GGD GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)