Hoarekameiwurker Matthijs wurke yn coronakrisis yn sikehûs en wol net mear fuort

25 jun 2021 - 11:16

De hoareka-meiwurkers fan De Lawei yn Drachten sille nei 1 july net mear oan it wurk foar sikehûs Nij Smellinghe. Nij Smellinghe makket gebrûk fan de meiwurkers om't dy troch de krisis thús sitte, mar no't alles wer de goeie kant op liket te gean, hâldt de gearwurking op en sille de meiwurkers werom nei de hoareka. Utsein Matthijs Libert dan.

Matthijs Libert by syn wurk yn De Lawei - Foto: Annemarie Boonstra

It wurkjen yn de soarch befoel him sa goed, dat hy fan septimber ôf in oplieding yn dy rjochting dwaan sil. "Ik heb een kijkje kunnen nemen in het ziekenhuis en gezien dat de zorg een heel mooi beroep is. Dus ik ben eigenlijk gelijk op onderzoek uitgegaan waar ik kon beginnen met een werkend-lerenopleiding", seit Libert.

Libert hat acht moannen yn it sikehûs wurke as in soarte fan gasthear. "Ik bracht mensen, die door de coronacrisis alleen moesten komen, naar de afspraak. Of mensen die gewoon heel zenuwachtig waren en niet wisten waar ze heen moesten", leit Libert út.

Hoarekameiwurkers fan De Lawei nimme ôfskie fan Nij Smellinghe - Foto: Jilmer Postma

"Tijdens het lopen naar de afdelingen toe heb ik hele gesprekken gehad met de patiënten. Je merkt gewoon dat dat kleine beetje hulp en een glimlachje zoveel waardering geeft. Patiënten houden daar heel erg van. Het heeft mij getriggerd om wat meer om me heen te gaan kijken", seit Libert.

Yn septimber begjint Libert oan in oplieding yn de soarch. "Ik blijf voorlopig nog wel op een klein contractje bij de Lawei werken", sa seit er.

Matthijs Libert oer syn karriêreswitch

(Advertinsje)
(Advertinsje)