Beitske Visser nei twa jier wer los yn W Series: 'Pas tefreden as ik kampioen bin'

25 jun 2021 - 10:14

Max Verstappen hat der yn de Formule 1 alwer sân races opsitten dit seizoen, mar de froulju yn de W Series, wêrûnder Beitske Visser fan Twellingea, moasten lang geduld hawwe. Kommende sneon is it dan safier, nei hast twa jier stiet der yn de heechste frouljusklasse wer in race op it programma.

Foto: Orange Pictures

De W Series gienen ferline jier fanwege de útbraak fan it coronafirus net troch. De lêste race datearret dêrtroch alwer fan augustus 2019. Op de Red Bull Ring yn it Eastenrykse Spielberg begjint sneon it nije seizoen.

Foarm

"Eindelijk weer. Het voelt goed", seit Visser. "Maar gelukkig heb ik niet stilgezeten. Vorig jaar en ook dit jaar race ik ernaast in de LMP2 en dit jaar in het WEC-kampioenschap. Ik heb een heel druk seizoen nu."

De Friezinne is goed yn foarm, sa seit se. "Ik denk dat we hier wel goed kunnen scoren", fertelt Visser. "Ik zit wel in een goed ritme. Wel in een andere auto, dus het wordt even terugschakelen, maar voor de rest moet ik er wel klaar voor zijn."

Twadde plak

Yn 2019 waard Visser twadde yn de W Series, dus der bliuwt noch mar ien doel oer: "Je wilt natuurlijk altijd beter, dus ik ga ervoor om het kampioenschap te winnen. Ik zal niet de enige zijn die dat doel heeft, maar ik werk er zeker hard voor."

De Britske Jamie Chadwick hat dat doel seker ek. Sy is de regearjend kampioen yn de frouljusklasse. Oft Visser har oankin? Dêroer is se net wis: "Ik hoop het wel."

Zandvoort

De W Series hat dit jier ek in race yn Nederlân, op it sirkwy fan Zandvoort. "Superleuk om een thuisrace te hebben. Als het is toegestaan komen er heel veel fans voor Max. Dus het gaat heel mooi zijn om veel fans daar te hebben en hopelijk kan ik het daar dan ook goed doen."

Nei acht races wurdt op 30 oktober yn Meksiko úteinlik de stân opmakke. Wannear is Visser dan tefreden? "Als ik kampioen ben, maar er zijn natuurlijk heel veel factoren die daarin meespelen. Ik wil in ieder geval in elke race meevechten voor de overwinning", sa seit de autoracester.

Programma W Series 2021

Race Lân Sirkwy Datum
1 Eastenryk Red Bull Ring 26 juny
2 Eastenryk Red Bull Ring 3 july
3 Grut-Brittannië Silverstone 17 july
4 Hongarije Hungaroring 31 july
5 België Spa-Francorchamps 28 augustus
6 Nederlân Circuit Zandvoort 4 septimber
7 Feriene Steaten Circuit of the Americas 23 oktober
8 Meksiko Autódromo Hermanos Rodriguez 30 oktober

Beitske Visser yn petear mei ferslachjouwer Lars de Leeuw

Trefwurden: 
Beitske Visser W Series
(Advertinsje)
(Advertinsje)