FIDEO: Wurkje oan de fersterking fan de Ofslútdyk: "Het is nooit saai!"

25 jun 2021 - 09:00

Laura Vosteryte (33) wurket as útfierder foar boukonsortsium Levvel yn opdracht fan Rijkswaterstaat mei oan de fersterking fan de Ofslútdyk. Op it stuit wurket se by Koarnwertersân oan de bou fan in grutte heechwetterkearing. Dizze moat de slûs en de draaibrêge beskermje tsjin heechwetter en stoarm fan de Waadsee ôf.

Laura Vosteryte oer har wurk oan de Ofslútdyk:

"Op de Afsluitdijk werk je altijd maar aan één project, maar dat moet je wel goed afspreken met andere teams op de Afsluitdijk. Dat geeft wel het gevoel dat je met zijn allen aan iets werkt", fertelt Vosteryte op it bouterrein.

De ôfrûne trije jier hat se oan ferskillende projekten wurke op de dyk. "Steeds weer een ander gedeelte, telkens weer opnieuw een uitdaging."

De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.

Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)