Gemeente De Fryske Marren leit boustop op oan nij paviljoen by Snitser Mar

25 jun 2021 - 08:59

De útwreiding fan in terras fan it nije Paviljoen SALT oan de Snitser Mar by Terherne is fuortendaliks stillein. De gemeente De Fryske Marren hat in boustop oplein, om't der gjin fergunningen foar de wurksumheden oanfrege binne.

Wurksumheden oan de steger by it paviljoen SALT by Terherne - Foto: Omrop Fryslân

Omwenners fan it neistlizzende rekreaasjepark De Zoutpoel seagen dat ferline wike freed in graafmasine in part fan de reidkraach dêr fuorthelle. Dy heart ta it natuergebiet Snitser Mar en is neffens de omwenners fan belang foar it ekosysteem om de Sâltpoel hinne.

Gjin omjouwingsfergunning

Neffens de omwenners binne der gjin fergunningen ôfjûn foar de wurksumheden yn it natuergebiet. Wethâlder Irona Groeneveld fan De Fryske Marren befêstiget dat der gjin fergunningen oanfrege binne foar de bou-aktiviteiten en dat der dêrom fuortendaliks in boustop oplein is.

"De eigenaren hebben wel overleg gehad met de provincie en het Wetterskip, maar niet met de gemeente. Wij zijn gaan kijken en hebben uitgezocht hoe het zit. Toen bleek dat de eigenaren zonder omgevingsvergunning daar steigers aan het vervangen en uitbreiden waren."

Nulmjitting

Op de lokaasje siet earder it restaurant Meer van Lenten en der leine al fjouwer stegers. Dy waarden no ferfongen, mar ek útwreide. Neffens de wethâlder wurdt der no earst besjoen oft de bou-aktiviteiten wol binnen it bestimmingsplan passe.

Oft der nêsten fan fûgels ferlern gien binne mei it fuortheljen fan de reidkraach, wit Groeneveld net. "Onze handhaver is daar geweest en heeft een soort nulmeting gedaan, hoe ver is het werk nu, en daar zijn foto's van gemaakt."

Wethâlder Irona Groeneveld

Stoarm yn in glês wetter

"It is mei de provinsje ôfstimd, dy giet oer de natuer, en der wie gjin fergunning nedich. De provinsje seit dat it past yn it behearplan", seit advokaat Marita Jansen. "It iennige dat miste wie in fergunning fan de gemeente, foar it bouwen en dy ha we no oanfrege. Dêr wie wat betizing oer, want it giet om it opknappen fan de steigers en in part útwreiding." Neffens Jansen is it 'in stoarm yn in glês wetter'. It bestimmingsplan lit steigers ta.

Marita Jansen, advokaat

(Advertinsje)
(Advertinsje)