Man (39) swierferwûne by wenningoerfal yn Ljouwert, plysje siket tsjûgen

25 jun 2021 - 11:03

By in oerfal op in wenning oan de Coopmansstrjitte yn Ljouwert is in 39-jierrige man swierferwûne rekke. Dat meldt de plysje, dy't om middernacht hinne in melding oer de wenningoerfal krige.

Foto: CAMJO media

De Ljouwerter is bedrige en swier mishannele troch twa persoanen. Hy is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De plysje hat noch gjin fertochten oanhâlden.

Yn en om de wenning is forinsysk ûndersyk dien. It is noch net dúdlik wat de fertochten bút makke ha. De plysje is op syk nei tsjûgen en freget minsken nei kamerabylden út de direkte omjouwing fan de Coopmansstrjitte. Ek freed giet it ûndersyk noch troch en wurdt mei it slachtoffer praat.

De brânwacht waard nei it ynsidint oproppen, om't der yn de wenning in frjemde lucht hong. Nei ûndersyk die bliken dat it net om wat gefaarliks gie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)