Nij proefskrift makket it libben fan túnarsjitekt Roodbaard kompleter

25 jun 2021 - 07:04

Undersykster Rita Radetzky presintearret freed it boek dat fan har proefskrift Tuinarchitect Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) en de landschapsstijl makke is. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert krijt it earste eksimplaar yn Oranjewâld. It boek giet oer it libben, it oeuvre en de wurkwize fan miskien wol de bekendste túnarsjitekt dy't Fryslân ea hân hat.

Foto: Rita Radetzky

Radetzky promovearre yn maart dit jier. Mei har ûndersyk die bliken dat der fan it libben en it oeuvre fan de yn Rolde berne Lucas Pieters Roodbaard noch in soad nijs te finen wie. De túnarsjitekt wenne nei 1824 yn Ljouwert, dêr't er yn 1851 ferstoar.

Nij materiaal fûn

"Er zijn zelfs nieuwe tekeningen gevonden," seit Radetzky optein oer it ûndersyk. "Maar vooral bleek uit archiefbronnen dat Roodbaard nog veel meer tuinen heeft aangelegd dan wij tot nu toe hebben gedacht. Het maakt het beeld van hem steeds completer. Het vinden van iets nieuws is leuk, want het betekent dat je meer informatie krijgt."

Neffens Radetzky is it bysûnder dat der noch safolle tekeningen fan syn hân bewarre bleaun binne. "Dat hebben we deels te danken aan de Leeuwarder stadsarchivaris Wopke Eekhoff, die zijn werk in de stedelijke collectie heeft opgenomen. Maar de eigenaren waardeerden zijn werk ook. Ze hingen het op of gaven het later in bruikleen. Daardoor kunnen wij nu de tekeningen onderzoeken."

Tunen werom te finen

Ien fan de moaiste dingen is dat tunen noch te sjen binne yn de foarm sa't Roodbaard se oanlizze litten hat. "Hij heeft heel wat tuinen in Fryslân aangelegd. Hij had ook geluk, want in die tijd werd in Leeuwarden een groot stedenbouwkundig plan uitgevoerd waarbij de hele rand van de stad van een groene zone is voorzien. Mensen konden overal langs lopen. Maar ook bij de buitenplaatsen in Fryslân werden prachtige tuinen aangelegd, zoals Stania State. In de Trynwâlden, maar ook bij Beetsterzwaag en Oranjewoud."

It bûten Oranjestein by Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

'Booming buisiness' yn Fryslân

Fan Roodbaard sels is spitigernôch net in portret bewarre bleaun. "En dat terwijl hij in het begin van zijn carrière ook nog portretschilder was", seit de skriuwster. "Het is heel interessant om te zien dat hoewel deze man die uit Drenthe kwam en ook in Groningen heeft gewerkt, toch in Fryslân de meeste werken heeft aangelegd."

Skriuwster Rita Radetzky

It wie 'booming buisiness' yn syn tiid, leit Radetzky út. "De toenmalige elite omarmde deze mode enorm. Men wilde graag nieuwe tuinen aanleggen in deze stijl. Roodbaard werd dus door iedereen benaderd. Hij kon heel goed functioneren in die situatie."

(Advertinsje)
(Advertinsje)