Oantal besmettingen de wike dûkt ûnder de hûndert: gjin Friezen ferstoarn

25 jun 2021 - 06:00

It tal nije coronabesmettingen is de ôfrûne wike wer flink ôfnaam. Yn totaal waarden der 89 besmettingen fêststeld. In wike earder wiene dat der noch 136. Der binne foar safier bekend gjin Friezen ferstoarn oan it firus. Der binne twa minsken yn it sikehûs opnaam.

In testlokaasje foar it coronafirus yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Hearrenfean it heechst. Dêr binne omrekkene 30 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. Dêrnei folgje Noardeast-Fryslân mei 24 en Ljouwert mei 20 besmettingen de 100.000 ynwenners.

Fiif gemeenten sûnder besmettingen

Yn de gemeenten Amelân, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Eaststellingwerf hawwe yn de ôfrûne wiken gjin registrearre besmettingen west.

Dizze wike binne der yn Fryslân, foar safier bekend, gjin minsken ferstoarn oan it coronafirus. Yn de ôfrûne wike binne twa minsken opnaam yn de Fryske sikehuzen: ynwenners fan Waadhoeke en Harns. Ferline wike gie it noch om sân sikehûsopnamen.

Risikonivo

Binnen Nederlân wurdt in coronakaart fan it RIVM brûkt op it coronadashboard. Dêr stiet ús provinsje op basis fan sifers oer 14 oant en mei 20 juny noch op 'zorgelijk'. Dat betsjut dat de situaasje dreech ûnder kontrôle te hâlden is, dat der noch wol in soad besmettingen binne en dat de druk op de soarch grut is.

Op 29 juny wurdt de status opnij bepaald. De kâns is grut dat Fryslân nei 'waakzaam' sakket: dan is de situaasje ûnder kontrôle te hâlden, it nije tal besmettingen is leech en de druk op de soarch falt ta.

Hast 44.000 Friezen posityf test

Mei de 89 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 43.840 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn ús provinsje stiet op 477. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)