Plysje siket tsjûge fan ûngelok mei oanhinger by Garyp ein maaie

24 jun 2021 - 21:45

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in slim ferkearsûngelok yn Garyp. Dat ûngelok wie op 27 maaie om 11.30 hinne oan de Earnewarre, de dyk yn de rjochting fan Earnewâld. By it losmeitsjen fan in oanhinger rekke doe in dykwurker beknypt.

Foto: CAMJO media

Njonken in ambulânse waard ek in traumahelikopter ynset om it slachtoffer nei it sikehûs te bringen.

Mei it ûngelok hat der yn elts gefal in frou yn in lytse auto op it plak west, sa is bekend. De plysje fan East-Fryslân komt yn ferbân mei it ûndersyk graach yn kontakt mei dizze frou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)