Ofskiedsmail fan Nomie (19) fan Sint-Anne oanhelle troch Keamerlid Lisa Westerveld

24 jun 2021 - 19:17

Twadde Keamerlid Lisa Westerveld fan GrienLinks hat tiisdei by in debat oer de problemen yn de jongereinsoarch sitearre út de ôfskiedsmail fan de 19-jierrige Nomie Jongejan fan Sint-Anne. Nomie wie kliïnte fan de jongereinsoarch. Sy fielde har yn 'e steek litten troch helpferliening en socht kontakt mei Westerveld. Oardel wike letter die it bliken dat it om de lêste mail fan Nomie gie.

Lisa Westerveld helle de brief fan Nomie oan:

Nomie frege yn har mail omtinken foar oare jongelju yn deselde situaasje. Mei ynstimming fan de famylje ferwurke Lisa Westerveld de mail fan Nomie yn har bydrage.

In minsk wêze, net in probleem

"Ik wil graag het geluid van Nomie laten horen, omdat zij zo goed beschrijft wat nodig is in de jeugdzorg. Ik kan dat zelf niet beter", seit Westerveld. Heit Rutger Jongejan neamt it ferhaal fan Westerveld mei de sitaten fan Nomie 'heftig en intens', mar is ek bliid mei it omtinken. "Ik beschouw het als mijn plicht om de noodkreet van Nomie serieus te nemen."

"Je bent geen persoon meer, je bent je problemen", skreau Nomie oer har situaasje yn de jongereinsoarch. "Als die problemen ingewikkelder zijn dan gedacht, dan ga je weg bij de zorginstelling en mag een ander het proberen."

Ferlet fan feilich plak

Heit Jongejan fertelt dat Nomie yn de lêste seis wiken fan har libben fjouwer kear oerpleatst is fan de iene ynstânsje nei de oare. As beskieden en tige gefoelige kliïnte koe Nomie dêr net goed oer.

Als je hulp nodig hebt, heb je baat bij een veilige plek en mensen die je begrijpen.

Twadde Keamerlid Lisa Westerveld fan GrienLinks

It is in situaasje dêr't folle mear jongelju yn de jongereinsoarch mei wrakselje, neffens Lisa Westerveld. "Als je hulp nodig hebt, heb je baat bij een veilige plek en mensen die je begrijpen. Dat voelde Nomie totaal niet."

Twadde Keamerlid Lisa Westerveld - Foto: ANP

Lisa Westerveld hâldt har al fjouwer jier yntinsyf dwaande mei de problemen yn de jongereinsoarch. "Dit is het onderwerp dat me het meest aangrijpt vanwege verhalen als die van Nomie en er zijn, helaas, veel meer jongeren in vergelijkbare situaties. Het mooie van Nomie haar brief is dat ze aandacht vroeg voor het lot van andere jongeren en niet voor zichzelf. Dat tekent, denk ik, hoe ze was."

Urgint

Westerveld sjocht dat de jongereinsoarch no heger op de politike aginda stiet en dat der wurke wurdt oan plannen om de soarch yn de takomst te ferbetterjen, mar sy makket har ek soargen oer jongelju dy't no help nedich hawwe. "Het is mooi dat we over een paar jaar de zorg gaan verbeteren, maar er zijn nu jongeren voor wie over een paar jaar te laat kan zijn."

Twadde Keamerlid Lisa Westerveld en heit Rutger Jongejan

Heit Rutger Jongejan fynt dat ynstellingen foar jongereinsoarch better kommunisearje moatte mei de neiste famylje en sinjalen fan de famylje serieuzer nimme moatte. "De enige die jongeren in crisis vertrouwen zijn familieleden of mensen die ze lang kennen. Die zullen ze eerder vertrouwen dan een behandelaar."

Alden der by belûke

Hy en de mem fan Nomie waarden foar syn gefoel net goed ynformearre oer de tastân fan dochter Nomie troch de ferskate soarchynstellingen, benammen fan it momint dat se mearderjierrich waard ôf. "Ze mag dan wel 18 zijn, maar het blijft wel je kind. Ik zeg daarom: betrek de ouders bij de behandeling."

Jongejan hat oant no ta ek net in goeie ferklearring krigen oer hoe't it krekt kin dat syn dochter net mear libbet. "Het wordt nog wel onderzocht, maar de instellingen spreken elkaar tegen." It stiet foar him wol fêst dat de ynformaasje-oerdracht net goed wie tusken de ferskate ynstellingen dêr't syn dochter ferbleau.

In fragmint fan de e-mail fan Nomie oan Lisa Westerveld:

"Toch wil ik deze mail graag versturen naar u. Ik zou namelijk ook graag iets willen kunnen betekenen voor kinderen, jongeren maar ook volwassen die tegen soortgelijke dingen aanlopen of tegenaan gelopen zijn.

Ik weet alleen echt niet hoe, maar een stuk van mijn verhaal kunnen delen is hetgeen wat ik nog kan bedenken.

Voor mezelf weet ik het niet meer, ik voel me opgegeven door de hulpverlening en weer '1 van die complexe patiënten die tot last is en waarbij niks echt aan lijkt te slaan'. En waarbij er geen duidelijk plan ligt voor hoe dit verder moet.

Ik wil niet dat anderen dat ook overkomt, ik zou zo graag willen dat dat voorkomen kan worden doordat er eerdere en betere hulp geboden kan worden. Juist voor de kwetsbaarste doelgroep."

(Advertinsje)
(Advertinsje)