Bysûndere ûntdekking yn 'âldste' gebou Dokkum: houten balken út 1503

In bysûndere ûntdekking yn in gebou oan de Hoogstraat yn Dokkum dizze wike; Paul Borghaerts fan Easterein, dy't dendrogronologysk ûndersyk docht, trof yn it gebou âlde houten balken oan. Nei ûndersyk blykt it hout út it begjin fan de sechtjinde iuw te kommen, mei as kapjier 1503. Dêrmei soe it gebou oan de Hoogstraat mooglik it âldst bekende gebou fan Dokkum wêze.
© Paul Borghaerts
"Het is uitzonderlijk bijzonder, niet alleen voor Dokkum maar ook voor Fryslân", seit Borghaerts. "Daar kennen we er maar heel weinig van. Het zijn best veel oude balken in het gebouw. De zijmuren zijn gemetseld met kloostermoppen. Dat werd tientallen jaren later niet meer zo gedaan. Waarschijnlijk is het dus het oudst bekende pand van Dokkum, maar ik zou nader onderzoek naar de muren en klossen onder de balken willen voorstellen. Dan kunnen we met zekerheid stellen of het daadwerkelijk zo oud is."

Hout út 1503

It ikehout wêrfan't de balken makke binne, soe yn 1503 kapt wêze. It gebou oan de Hoogstraat is krekt wat letter boud, yn 1504 of 1505. It wie gebrûklik om it hout binnen inkelde jierren te brûken, omdat it dan noch goed te bewurkjen wie.
Hout-ûndersiker Paul Borghaerts
Bouhistoarikus Siebe van Seijen út Dokkum neamt de fynst wichtich foar de stêd. "Der binne wol ferhalen bekend fan de âlde skiednis fan Dokkum, mar net echt in soad ûndersyksgegevens. Nei alle gedachten hawwe der earder houten huzen stien yn de Hoogstraat. Op in gegeven stuit waarden huzen net langer fan hout, mar fan stien boud. Dat wie wol earst foar de rike minsken weilein. Dit hat der dan mooglik ien fan west, en it soe hiel goed wêze kinne dat dat yn 1504 bard is."
Bouhistoarikus Siebe van Seijen
Dochs tinkt Van Seijen dat der yn de binnenstêd noch âldere huzen steane. "Ut geskriften witte wy dat der noch âldere huzen wêze moatte. Mar blykber is dat net sa op it earste gesicht te sjen. Dêrom binne wy ôfhinklik fan dizze ferbouwingen."
It gebou yn de Hoogstraat yn Dokkum. © Paul Borghaerts