Tastimming foar EK-skerms: "Minsken wolle geselligens, bier en bitterbal"

24 jun 2021 - 18:57

It is goed nijs foar de minsken dy't de wedstriden fan it EK fuotbal sjen wolle op in terras: fan sneon ôf meie hoarekasaken wer tv-skerms pleatse op terrassen. Undernimmers hoege der gjin fergunning foar oan te freegjen, mar der jilde noch wol in pear regels.

Foto: ANP

Ton Eijer is der as fertsjinwurdiger fan de Ljouwerter hoareka en eksploitant fan Muziekcafé Scooters wiis mei. "Wy hawwe lang ticht west of mei in soad beheiningen sitten. Mar dat wy noch wer wat dwaan meie en de útstjoeringen sjen litte meie, dat is geweldich. Minsken wolle in fuotbalwedstriid graach mei-inoar belibje op in terras. Je wolle de geselligens hawwe en in bierke en bitterbal ferkeapje."

Regels

Der is dus noch wol in tal regels. Gasten moatte op it sitplak sitten bliuwe en sy moatte harren hâlde oan de 1,5 meter ôfstân. De skerms meie net earder as in kertier foar de wedstriid oan en moatte nei in healoere nei de wedstriid út.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De saken dy't gebrûk meitsje fan tagongstesten meie binnen wol skerms hawwe, mar op it terras net, om't de tagong dêr dreger te kontrolearjen is. "Wy hawwe sels in grut skerm binnen hingjen. Net op it terras, mar der binne genôch kollega's dy't der ek ien bûten ophingje," seit Eijer.

Sichtberens

Ek moatte skerms op it terras rjochte wêze en meie net sichtber wêze fan de iepenbiere dyk ôf. Eijer: "Dat hat oare jierren ek wol west, mei foar it ferkear. Mar no mei corona jildt it hielendal: it moat allinne sichtber wêze foar it terras, en net foar de minsken deromhinne."

Undernimmer Ton Eijer

Trefwurden: 
fuotbal hoareka EK skerms
(Advertinsje)
(Advertinsje)