De earste fan mooglik 1.500 Abe Bonnema-huzen duorsum makke

De earste fan mooglik 1.500 wenten dy't arsjitekt Abe Bonnema ûntwurpen hat yn Ljouwert, is hielendal renovearre en duorsum makke. Ed Nijpels fan de Bonnemastichting en boargemaster Sybrand Buma iepenen it hûs oan it Beemdgras op 'e nij.
Earste fan mooglik 1500 Abe Bonnema-hûs duorsum makke
De huzen yn de Ljouwerter wyk Aldlân binne 50 jier lyn boud en wiene oan fernijing en isolaasje ta. Under begelieding fan de Abe Bonnemastichting is de renovaasje fan in partikuliere wenning oan it Beemdgras útfierd.
Arsjitekt Jacob Bosma oer de renovaasje fan in Bonnemahûs
It hat mear as 140.000 euro koste. Fia de stichting, dy't it neilittenskip fan de bekende Fryske arsjitekt yn behear hat, koe der subsydzje foar komme.

Isolearje en opkreazje

Oebele Herder is de eigener fan it proefhûs. "Ik woe wat oan it miljeu dwaan en ik haw hege enerzjykosten. Myn dak moast fernijd wurde, dat wie al 20 jier lyn. En ik wol hjir graach wenjen bliuwe, omdat it sa'n unike wenning is. Dus doe't der by de Bonnemastichting it idee kaam om in pilot te dwaan hawwe wy inoar dêr yn fûn. Ik wol graach isolearje en sy wolle graach opkreazje."
It is in proef as foarbyld foar oare eigeners fan in Bonnemahûs. En sa kin bysûndere arsjitektuer bewarre bliuwe en op termyn mooglik in monumintestatus krije.

Abe Bonnema (1926-2001)

Arsjitekt Abe Bonnema fan Hurdegaryp (1926-2001) is ûnder oare bekend fan grutte kantoargebouwen as de Achmeatoer yn Ljouwert en de Delftse Poort yn Rotterdam. Ek hat er in hoemannichte wenhuzen ûntwurpen, lykas yn de Ljouwerter wyk Aldlân.
Net eltsenien koe Bonnema syn styl begripe. Hy wie him der fan bewust dat syn wurk altyd in gefjocht wie tsjin de gongbere miening. Bonnema heart ta de funksjonalistyske ûntwerpers. Dêrby folget de foarm op de funksje fan in gebou.
Nei syn dea yn 2001 liet Bonnema in legaat nei dat brûkt wurde moast foar in nij gebou foar it Fries Museum op it Saailân yn Ljouwert, dat yn 2013 iepene.
Op Weromrop mear Abe Bonnema: yn it programma Boppedat (1998) en de dokumintêre Apart, Bonnema (2001).
Besjoch de reportaazje mei Abe Bonnema dy't Johan van der Zee yn 1977 makke foar it programma Van Gewest tot Gewest: