Needgjalp COC Friesland: sûnder finansjele stipe rêde sy it net

24 jun 2021 - 18:20

COC Friesland docht in needgjalp: sûnder stipe rêdt de Fryske ôfdieling fan de belange-organisaasje foar de LHBTIQ+-mienskip it net. Sûnt it skrassen fan de strukturele stipe fan de provinsje is de organisaasje yn finansjeel swier waar kaam. Op dit stuit kin COC de fêste kosten al net mear betelje, skriuwt it bestjoer oan de provinsje.

In reinbôgeflagge foar it Provinsjehûs - Foto: Omrop Fryslân

COC Friesland moat hier betelje en hat ien betelle meiwurker yn tsjinst. De ôfrûne jierren is de ôfdieling al ferhuze fan it Saailân nei in lytse en goedkeape kantoarromte yn it âlde gebou fan De Friesland. Dy romte moat no as kantoar, wurkromte foar frijwilligers en ûntfangstromte brûkt wurde.

De organisaasje neamt it 'verre van ideaal.' Sy wolle in feilige haven wêze foar alle minsken dy't ferlet hawwe fan help oangeande seksueel ferskaat, diskriminaasje of de persoanlike situaasje.

Wurkdruk

In probleem is ek dat de direkteur al tiden siik thús sit en der lang om let mar in projektlieder oansteld is. De bestjoersleden moasten alles opfange, wylst sy der ek noch njonken wurkje. Dêrtroch koe der min kontakt lein wurde mei gemeenten en sa is der mar mei 4 fan de 18 gemeenten in gearwurking.

De subsydzje dy't COC Friesland noch fan dizze gemeenten krijt, is foar bepaalde doelen en mei net foar de fêste lêsten brûkt wurde.

Needgjalp

"Onze noodkreet aan de provincie is daarmee een simpele," sa skriuwt it bestjoer. "Wij vragen de provincie om ons eenmalige noodsteun te geven. Daarmee kunnen wij tijd en ruimte kopen om met meer gemeenten in gesprek te gaan en van daaruit meer structurele subsidies te krijgen. Op deze manier kunnen wij over een tijdje onze eigen broek weer ophouden en functioneren als een gezonde stichting." Ek hopet COC Friesland dat de provinsje stypje wol yn it benei kommen fan gemeenten.

Trefwurden: 
COC Friesland
(Advertinsje)
(Advertinsje)