Grousters komme mei ideeën foar de takomst: Wetterhûs en wenje oan it wetter

Ynwenners fan Grou meitsje harren soargen oer de takomst fan it doarp. Betelbere wenten binne dreech te finen, de wettersport stiet ûnder druk en it winkeloanbod nimt ôf. Dêrom binne de doarpsbewenners mei ideeën kaam.
Sjoch hjir wat de Grousters der sels oer te fertellen hawwe
De ôfrûne moannen hawwe bewenners mei-inoar praat oer de takomst fan it doarp. De plannen waarden woansdeitejûn presintearre.
Ien fan de ûnderdielen is de komst fan in Grouster Wetterhûs. Dat moat in markant gebou wurde as sintrum foar alle Grousters. Dêr kin bygelyks gearkomsten hâlden wurde of mei-inoar songen wurde. Fierders wolle se it wenjen it wetter befoarderje, foar de eigen ynwenners, mar ek foar de rekreanten.