Offerfeest oer trije wiken, islamityske slachter sit te springen om tastimming NVWA

De islamityske slachterij Akçe yn Aldskoat is der glêd mei oan. Oer goed trije wiken begjint it Offerfeest, en de NVWA hat it coronaplan fan de slachterij noch hieltyd net goedkard. De eigener is benaud dat him dit klanten kostje sil.
Oer goed trije wiken begjint it Offerfeest:
It Offerfeest is gewoanwei de drokste tiid fan it jier foar Umit Akçe. Klanten út hiel Nederlân komme nei syn slachterij yn Aldskoat om tradisjoneel lamsfleis te keapjen.
De NVWA hat noch hieltyd gjin grien ljocht jûn foar it coronaplan dat de slachter yntsjinne hat. Akçe is dêr ferbjustere oer, ek omdat der hieltyd mear frijjûn wurdt op it mêd fan corona. It giet boppedat mar om details yn it plan. Hy hopet dat de NVWA avesearret en him net oant 1 july wachtsje lit, want oars rêdt er it net op foar it begjin fan it feest op 19 july.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Klanten ôfbelje

It Offerfeest is fan 19 oant 23 july. It is in grut feest dêr't in soad tariedings foar nedich binne. As de tastimmig dat se coronaproof wurkje en dus begjinne meie mei slachtsjen hiel let komt, hat dat grutte gefolgen. It betsjut dat de slachter no gjin klanten oannimme kin.
Ferline jier spile itselde en doe moast de slachter allegearre klanten ôfbelje. Akçe is benaud dat syn klanten earne oars omsjen sille foar harren ynkeapen fan Offerfeestfleis.