COA teloarsteld oer sluting azc Balk, 'herpleatsing wurdt noch in hiele puzel'

It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) is bot teloarsteld dat de azc-lokaasje yn Balk tichtgiet. It kolleezje en de gemeenteried fan De Fryske Marren hakten woansdeitejûn de knoop troch: der komt in ein oan fiif jier azc yn Balk.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Jacqueline Engbers fan it COA fynt it spitich dat Balk ticht moat, fertelt se foar Omrop Fryslân Radio. Yn har eagen is Balk in goede lokaasje foar de bewenners fan it asylsikerssintrum. Se is ek bliid mei de positive reaksjes út it doarp wei.
It COA woe it azc yn Balk noch twa jier langer iepen hâlde, mar de gemeente oardiele oars. No't it tichtgiet, moatte de asylsikers op oare plakken ûnderbrocht wurde. Dat kin yn hiel Nederlân wêze. En dat is noch in hiele puzel, neffens Engbers. Der is ferlet fan mear kapasiteit foar de opfang fan asylsikers yn it hiele lân. Dat komt omdat de trochstream fan fergunninghâlders nei de gemeenten net sa flot giet.
Foar de bewenners fan it azc yn Balk wurdt it de kommende tiid spannend, want se witte net wêr't se aansen komme te wenjen.