Minnertsgea wol folle bak keatse: mei publyk, terrassen en festiviteiten

24 jun 2021 - 15:46

Keatsferiening Minnertsgea giet folle bak by harren haadklassepartij op 21 july. Dan keatse de manlju en froulju haadklassers yn it doarp. De feriening hat besletten dat de partij mei de publyk, terrassen, yt-tinten en oare festiviteiten lykas oars troch gean te litten. Dat dogge sy twa wiken foar de PC yn Frjentsjer, dy't ek trochgiet mei folle tribunen.

Foto: Henk Bootsma

Besikers moatte by de yngong wol in bewiis sjen litte dat sy in prik tsjin it coronafirus krigen hawwe, of in aktuele negative test sjen litte. Dy mei maksimaal 40 oeren âld wêze. Der komme meardere yngongen om de trochstream fan publyk soepel ferrinne te litten.

Op it fjild en yn de feesttinte jilde dan gjin beheiningen lykas de 1,5 meter en de mûlkapkesplicht.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma by foarsitter Jacob Wassenaar

(Advertinsje)
(Advertinsje)