Mar 9 nije besmettingen, Fryslân no 'grien' op Europeeske coronakaart

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 9 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat is der ien minder as woansdei. Doe gie it om 10 besmettingen. Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om 13 besmettingen deis.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert, Weststellingwerf en Waadhoeke: alle trije mar twa. Dêrnei folgje Hearrenfean, De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân mei elts ien. It betsjut dat 13 fan de 18 Fryske gemeenten frij bleaune fan (registrearre) besmettingen.

Stjergefallen en opnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 716 nije coronagefallen registrearre. It lanlik trochsneed fan de ôfrûne wike leit op 711.
© ECDC
Binnen Nederlân wurdt in coronakaart fan it RIVM brûkt op it coronadashboard. Dêr stiet ús provinsje op basis fan sifers oer 14 oant en mei 20 juny noch op 'zorgelijk'. Op 29 juny wurdt de status opnij bepaald.

Fryslân grien op Europeeske coronakaart

Op in Europeeske coronakaart fan de Europeeske sûnenstsjinst ECDC binne Fryslân en Grinslân sels grien wurden. De rest fan Nederlân is noch oranje. Earder wie ús lân noch read. Dizze kaart is basearre op basis fan de positive testen yn de ôfrûne 14 dagen.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.