Keunstner Jentsje Popma (99) krijt Fryske Anjer: "Dit is geweldich! Wa krijt dit no?"

Keunstner Jentsje Popma (99) krijt de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. It is de bedoeling dat kommissaris fan de Kening Arno Brok de priis op 2 novimber yn it Provinsjehûs oan Popma oerlanget. "Ik bin der bysûnder bliid mei. Dit is geweldich! Wa krijt dit no?", sei Popma doe't er it nijs hearde.
Jentsje Popma krige goed nijs:
Popma krijt de Fryske Anjer foar syn mearsidigens as byldhouwer, glêsartyst en skilder. Hy wie ek ien fan de inisjatyfnimmers fan de FRIA (Bond van Beeldend Kunstenaars in Friesland) en hy joech syn kennis as dosint oan Academie Minerva ek jierren troch oan oaren.

'It ferskil makke'

Neffens Brok hat Popma 'oer generaasjes hinne it ferskil makke.' De priis dy't Popma krijt is in spjelde, in oarkonde en 5.000 euro, dat beskikber steld wurdt troch it Prins Bernhard Cultuurfonds, dat him ynset foar kulturele inisjativen.

Byldzjende keunst wer sintraal

"Ik moat earlik sizze dat it al in lange tiid lyn is dat ien út de byldzjende keunst wei de priis krigen hat," jout kommissaris Brok ta. "Dat hat ien fan de redenen west wêrom't de sjuery sein hat dat it wer ris tiid waard om dat sintraal te setten."
Keunstner Jentsje Popma krijt de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Der hat de lêste tiid in soad omtinken west foar syn wurk, seit Brok. "No wurdt hy ek noch hûndert, mar dat hat net de reden west om de priis no te jaan."
Harkje hjir nei de reaksje fan Jentsje Popma