Underwiisynspeksje hâldt sprekoere foar âlden Tjalling Koopmans College Hurdegaryp

24 jun 2021 - 12:17

De ûnderwiisynspeksje bringt tongersdei in besite oan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp. Dit nei oanlieding fan de rebûlje fan de lêste wiken op de School voor Persoonlijk Onderwijs (SVPO). Oan de ein fan de dei is der in ynrinmomint foar âlden fan de learlingen.

De ynspeksje wie by it Tjalling Koopmans College:

It ôfrûne skoaljier is de helte fan de 43 dosinten fuortgien, neffens eigen sizzen troch gebrek oan goede lieding en kommunikaasje. It bestjoer bestriidt dat en seit dat dizze dosinten net passe by de fyzje fan de skoalle.

Skoallieder Petra Schutte fynt it spitich dat dizze learkrêften "het nodig gevonden hebben om in de media fel van leer te trekken. We vinden het vooral heel erg vervelend voor leerlingen en ouders die hierdoor het gevoel hebben dat ze tussen de school en de betreffende docenten moeten kiezen", skriuwt se yn in mail dy't woansdei nei de âlden fan de learlingen ferstjoerd is.

Stipeberjochten

De ûnderwiisynspeksje organisearret oan de ein fan de dei op skoalle in sprekoere foar heiten en memmen. Neffens Schutte hat de skoalle de lêste tiid in soad stipeberjochten krigen fan âlden. Se ropt dy âlden op om nei it sprekoere te kommen. "Als u zou willen langskomen bij de inspecteurs dan zouden we dat op prijs stellen."

De hiele dei binne trije ynspekteurs op it Tjalling Koopmans College. Se prate mei learlingen en dosinten oer wat der op skoalle spilet. Ek learkrêften dy't op eigen inisjatyf mei de ynspeksje prate wolle, krije dy gelegenheid.

Neffens wurdfierder Daan Jansen fan de ûnderwiisynspeksje bart sa'n besite oan in skoalle wol faker. "Als we signalen krijgen dat er ergens op een school iets aan de hand is, komen we langs om een kijkje te nemen. Dat doen we met enige regelmaat."

De ynspeksje sil ek mei it bestjoer prate. De útkomsten fan tongersdei kinne yn it slimste gefal liede ta in nij ferfolchûndersyk.

It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp - Foto: Omrop Fryslân, Theo Ligthart
(Advertinsje)
(Advertinsje)