Keatsferiening Harns seit organisaasje haadklassepartij ôf, Stiens nimt it oer

24 jun 2021 - 11:46

Keatsferiening Eendracht fan Harns hat de tradisjonele haadklassepartij foar manlju ôfsein. De partij stie foar snein 4 july op it programma yn Harns, mar wurdt no op deselde dei spile yn Stiens.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

By de Harnzer keatsferiening is noch amper in bestjoer. De organisaasje komt foar it grutste part del op ien of twa persoanen en dat is net te dwaan. Boppedat spylje coronamaatregels en finânsjes ek in rol.

It Harnzer bestjoerslid Douwe Broersma hat úteinlik it beslút naam de haadklassepartij te skrassen. "Daar zit ik erg mee, maar ik had geen andere keus", sa seit hy. Yn de takomst hopet de keatsferiening de partij wol wer organisearje te kinnen. Eartiids hie Harns twa haadklassepartijen. De woansdeipartij is al sûnt jierren fan de aginda.

Stiens nimt it oer

It keatsbûn KNKB is op syk gien nei in feriening dy't de partij fan Harns oernimme woe. Keatsferiening De Boer út Stiens sil de organisaasje no op har nimme.

Yn Stiens stie oarspronklik op snein 13 juny in haadklassepartij op it programma. Dy is fanwege corona net trochgien. Dat Stiens de partij oernimt, is in opluchting foar Broersma. "Ik heb er nog net niet slapeloze nachten van gehad, maar ik ben blij dat de partij toch gekaatst kan worden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)