Fryslân langer yn tsjuster
It part fan de strjitferljochting giet fan 1 augustus ôf in heal oere earder út. Dat is no noch alve oere jûns, mar dat wurdt dan healwei alven. Dit is ôfpraten troch gemeenten, provinsje, netbehearder Liander en de Stichting Openbare Verlichting Fryslân.
Dat smyt in flinke besparring op, mar jout ek mear ienheid yn de belied. No binne der noch grutte ferskillen per gemeente.