Trije grutte Fryske musea krije mooglik dochs mear jild nei besunigingen

24 jun 2021 - 15:22

Trije Fryske musea moatte mear jild fan de provinsje krije. Dat stiet yn in advys fan in ekstern buro, opsteld yn opdracht fan Provinsjale Steaten. It giet om it Fries Landbouwmuseum, Natuurmuseum Fryslân en it Fries Scheepvaart Museum.

It Fries Scheepvaart Museum yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De trije musea krije sûnt dit jier folle minder jild - of soms sels hielendal neat mear - fan de Provinsje Fryslân. Se komme dêrtroch yn finansjele problemen. Se kinne net mear it ferhaal fan Fryslân goed fertelle en de museumskatten bewarje.

1,1 miljoen euro

It advys om dochs mear jild ta te skikken wurdt mooglike takom wike al bepraat yn Provinsjale Steaten. Mei-inoar giet it om in bedrach fan 1,1 miljoen euro. Wêr't dat jild weikomme moat, kin kultuerdeputearre Sietske Poepjes sa net sizze: "Provinsjale Steaten kinne dat op in goede wize sels bepale. Wy as kolleezje hawwe ús wurk dien. It is no oan Provinsjale Steaten."

Fernijing

In museum lykas it Fries Landbouwmuseum hat nei it ynlûken fan de subsydzje dingen feroare. "Ik fyn it knap wat it lânboumuseum dien hat", seit Poepjes. "Sy hawwe bêst in soad krityk krige op it type museum dat se wêze woene. Se bleaune net hingjen yn it ferline, troch hieltyd te âljen 'Wy binne net goed genôch'. Sy hawwe sjen litten hoe't se harsels fernije kinne."

Deputearre Sietske Poepjes: It advys is in frisse blik fan bûten it Provinsjehûs.

Direkteur Henk Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum is wiis mei de stipe. "Wy hoopje dat de Steaten der no ek mei akkoart geane. Sûnt ferline jier wiene wy al yn petear mei de provinsje, wy hawwe goed gearwurke. Dus it komt net fuort as in ferrassing, mar it is wol goed nijs."

Henk Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It nijs komt op in dei dat it Fries Landbouwmuseum der 16 nije sponsoaren by krigen hat. Yn totaal hat it museum no goed 30. "Dat is net neat. Der sitte lytsere en gruttere bedriuwen tusken, mar it smyt alle jierren wat op. En sy hawwe harren foar fiif jier fêstlein."

Ferbining hegeskoallen

It Fries Landbouwmuseum wurket fierder om te wurkjen oan de belibbing en de keppeling mei de aktualiteit. "Je binne in museum mei kwetsbere foarwerpen, mar je wolle der ek ekstra lagen oan taheakje. It is ek moai om te sjen dat de ferbining mei hegeskoallen flink ferbettere is sûnt wy hjir by Goutum fêstige binne."

Direkteur Henk Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum

(Advertinsje)
(Advertinsje)