Kaartferkeap teäters úteinset: leafhawwers yn 'e rige by de kassa en online

24 jun 2021 - 10:56

De kaartferkeap fan in grut tal teäters yn ús lân is woansdei úteinset foar de kommende moannen. Online en oan de kassa. By De Lawei yn Drachten wie it om 12 oere al fuortendaliks drok mei leafhawwers dy't net wachtsje kinne.

De Lawei is posityf ferrast oer de grutte belangstelling:

It falt ûnder de lanlike kampanje 'Theater. Mooier dan ooit!' op inisjatyf fan it Nationaal Theaterfonds. Rûnom yn it lân binne teäters begûn mei de kaartferkeap en de promoasje fan har programma's foar it kommende seizoen. Yn Fryslân binne dat De Koornbeurs yn Frjentsjer, it Posthuis Theater op It Hearrenfean, De Lawei yn Drachten en Theater Sneek.

By De Lawei binne se út 'e skroeven mei de grutte belangstelling. "Hier volle bak, op het terras is het vol, maar ook 400 mensen in de wachtrij op de site. Ja, dat is echt verrassend. Dat hadden we niet verwacht", seit direkteur Stef Avezaat fan it Drachtster teäter.

De fjouwer teäters litte ûnder oare mei reklamebuorden troch de provinsje mei-inoar sjen dat se wer iepen binne foar publyk. Ek stimme se de programma's op inoar ôf. It bliuwt noch in útdaging om alles op oardel meter te organisearjen salang't dat nedich is, mar der is hoop dat dat gau net mear hoecht.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)