Amerikaan Ar'Mond Davis (25) by Aris Ljouwert oan 'e slach

24 jun 2021 - 08:57

Basketbalklup Aris Ljouwert hat in nije spiler oanlutsen. It giet om de 25-jierrige Amerikaan Ar'Mond Davis. Hy is de fjirde fersterking fan Aris foar it kommende seizoen yn de BNXT League.

Ar'Mond Davis - Foto: Aris Ljouwert

Yn it seizoen 2019-2020 kaam de 1.96 meter lange spiler út foar de Lúksemboarchske klup BBC Arantia Larochette. Dêr skoarde hy yn trochsneed 30.6 punten en 8.4 rebounds de wedstriid.

Haadcoach Vincent van Sliedregt is bliid mei de komst fan Davis. "Een speler die goed past in het basketbal dat wij voor ogen hebben, zowel aanvallend als verdedigend. Daarnaast is het een speler die de fans op de banken krijgt."

Kreative spiler

Ek Merlijn van der Meulen, bestjoerslid Technyske Saken by Aris, tinkt dat Davis goed by de klup passe sil. "Davis is een veelzijdige speler die tegen hoge percentages kan schieten. Hij is de creatieve speler waar we naar op zoek waren."

Aris slagge der earder al yn Reinder Brandsma, Tim Hoeve en José Dimitri Maconda fêst te lizzen foar takom seizoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)