Azc Balk op koarte termyn ticht: mearderheid gemeenteried wol opfang net ferlingje

24 jun 2021 - 07:18

It asylsikerssintrum fan Balk bliuwt net langer iepen. Dat hat de gemeenteried fan De Fryske Marren woansdei besletten. De ried prate oer it fersyk fan it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) om it kontrakt mei de gemeente mei twa jier te ferlingjen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fynt op grûn fan in draachflakûndersyk dat it azc slute moat. Dat foarstel wurdt stipe troch 19 fan de 30 riedsleden.

Begjin dit jier hat it kolleezje ûndersyk dwaan litten nei it draachflak ûnder de befolking. Alle ynwenners fan Balk binne frege nei harren miening. Fan de minsken dy't reagearre hawwe, is 38 persint tsjin in ferlinging en 44 foar. Fan de direkte omwenners fan it azc wol fierwei de mearderheid (62 persint) dat it sintrum tichgiet.

Foar it kolleezje sprekt it ûndersyk dúdlike taal. Boppedat lei der in kontrakt fan 5 jier mei it COA foar it azc yn Balk en dat rint ôf. "Afspraak is afspraak", fynt it kolleezje.

Dilemma

De ChristenUnie, Kleurrijk Fryske Marren, PvdA en GrienLinks kamen mei in amendemint om de opfang langer iepen te hâlden. "De bevolking van Nederland heeft de morele plicht om de mensen die huis en haard hebben moeten verlaten, een helpende hand te bieden", waard der sein.

De grutste partij yn de ried, it CDA, sprekt fan in dilemma. "Het gaat er niet om of je voor of tegen asielzoekers bent. Natuurlijk raakt het argument van medemenselijkheid ons, maar daarnaast liggen er ook duidelijke afspraken die we moeten nakomen. Voor beide standpunten is veel te zeggen."

Anita Daniels - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Anita Daniels, dy't foar it azc oer wennet en de riedsgearkomste online folge, fynt it spitich dat de opfang ophâldt. "In het begin was het wennen omdat we ons uitzicht kwijt waren, maar al gauw zagen we de voordelen fan het azc en de reuring die het met zich meebracht. Het zijn fijne buren."

Daniels seit dat se mear lêst hie fan "hangjongeren met opgevoerde bromfietsen die drugs rookten en van hondenbezitters die hun honden op straat lieten poepen". Neffens har soe it foar de bewenners fan it azc better wêze om langer te bliuwen: "Zodat ze zich in alle rust kunnen voorbereiden op hun vertrek."

It asylsikerssintrum fan Balk bliuwt net langer iepen

(Advertinsje)
(Advertinsje)