Is de takomst fan Noardeast-Fryslân mei of sûnder Dantumadiel?

24 jun 2021 - 06:29

"As blykt dat de gearwurking mei Dantumadiel allinne mar jild kostet en argewaasje en gedoch opsmyt, dan sizze wy ek: wêrom soene wy dêr dan mei trochgean?" Dat seit boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân oer in eventuele ferlinging fan de gearwurking tusken Dantumadiel en syn eigen gemeente.

Wêrom soene we der mei trochgean, seit boargemaster Kramer:

De gearwurking wurdt op it stuit evaluearre. Nei alle gedachten ferskynt it rapport ein novimber. It wie de bedoeling dat Dantumadiel mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân fan 1 jannewaris 2019 ôf opgean soe yn in nije gemeente: Noardeast-Fryslân.

De gemeenteried fan Dantumadiel stimde úteinlik tsjin in bestjoerlike fúzje. Dantumadiel is op dit stuit dus noch bestjoerlik selsstannich, mar makket wol gebrûk fan it amtlik apparaat fan Noardeast-Fryslân.

"Dantumadiel hat eins allinne noch in pear wethâlders en in boargemaster", neffens Kramer. De gearwurkingsoerienkomst tusken de gemeenten, ek wol de 'centrumregeling' neamd, gie op 1 jannewaris 2019 yn en rint yn prinsipe op 1 jannewaris 2024 ôf.

Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Noardeast-Fryslân fierde twa wiken lyn de druk op, mei in brief oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel. Yn de brief wurdt Dantumadiel frege hoe't sy de kommende jierren fierdere gearwurking sjocht.

Noardeast-Fryslân soe it leafst sjen dat Dantumadiel bestjoerlik fusearret mei de gemeente. De kar fan Dantumadiel fernimt Noardeast-Fryslân it leafst foar 1 juny takom jier, sa falt yn de brief te lêzen.

Wethâlder Rommy Kempenaar fan Dantumadiel befêstiget de ûntfangst fan de brief, mar wol net foarútrinne op in beslút. "Wy moatte de evaluaasje ôfwachtsje en net op saken foarútrinne. En úteinlik is de kar oan Dantumadiel. Wat oare gemeenten dêrfan fine, kin my it measte net skele."

"Te gek voor woorden"

Grut foarstanner fan in fúzje tusken Dantumadiel en Noardeast-Fryslân is âld-boargemaster Hayo Apotheker. Hy wie foarhinne boargemaster fan ûnder mear Súdwest-Fryslân, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân. Hy fynt it in miste kâns dat Dantumadiel yn 2019 net meigien is yn de bestjoerlike fúzje.

"Het is eigenlijk te gek voor woorden dat je twee jaarrekeningen en twee begrotingen moet maken", neffens Apotheker. "Alles moet je keer twee doen. Met dezelfde mensen. Dus je kunt daar makkelijk tien of twintig procent efficiënter werken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)