NDC meldt datalek by online nijsbrief: kontaktgegevens abonnees sichtber

23 jun 2021 - 23:05

Troch in datalek by it bedriuw dat de ynskriuwingen fersoarget fan de nijsbrieven fan de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad, ha minsken sûnder foech tagong hân ta kontaktgegevens fan abonnees. Dat meldt de NDC Mediagroep yn in e-mail oan dy abonnees.

Foto: ANP

It giet om in lek by dataferwurker Qualifio. Dy fersoarget de ynskriuwingen foar online kwissen, spultsjes en nijsbrieven fan de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad, Dagblad van het Noorden, en meardere nijs- en wykblêden fan de NDC.

Unbekenden ha ynsjoch hân yn kontaktgegevens fan minsken dy't ynskreaun wiene foar de nijsbrieven fan NDC, meldt manager Sybille Staal fan de NDC Mediagroep yn it berjocht oan de minsken dy't ynskreaun stiene. De gegevens soene 'enkele dagen' sichtber west ha. It is net dúdlik fan hoefolle minsken de gegevens ynsjoen binne.

It giet allinne om nammen en e-mailadressen. Der binne gjin wachtwurden, rekkeninggegevens of adresgegevens lekt.

Neffens Staal is der fuortendaliks aksje ûndernaam. It lek is ticht, en it is meld by de Autoriteit Persoonsgegevens. Der binne ek maatregels naam om foar te kommen dat it letter opnij barre kin.

Staal seit dat minsken de kommende dagen oppasse moatte foar falske e-mails. "Wij vragen u daar alert op te zijn. Zoals altijd geldt: check goed of een e-mail te vertrouwen is. Bij twijfel, klik niet op links of knoppen en verwijder de e-mail."

(Advertinsje)
(Advertinsje)