"By de faksinaasjestrjitte fan Drachten moast binnen in oere twa kear in ambulânse komme"

23 jun 2021 - 23:45

It slimste dat er meimakke hat, wie yn Drachten. Dêr binne yn ien oere tiid twa minsken mei de ambulânse nei it sikehûs brocht, fanwege in allergyske reaksje nei in coronaprik. Dat seit Jan van der Meulen. Hy wurket as EHBO'er al moannenlang frijwillich yn de faksinaasjestrjitte.

Sjoch nei de reportaazje

Der is altyd in dokter oanwêzich op in faksinaasjelokaasje, seit Van der Meulen, mar dizze minsken moasten echt nei it sikehûs. "Se hiene sa'n allergyske reaksje, dy wie net mear te kearen."

Van der Meulen wurket sûnt de alderearste faksinaasje al as frijwilliger op de prikplakken. Earst wiene it benammen de âlderen dy't kamen, mar mei de tiid wurde der hieltyd mear jongeren oproppen. Dat makket ferskil, seit Van der Meulen.

"Alderen lieten it oer har hinne komme. Se wiene minder bang. De jongerein wol witte wat der yn sit. Se ha folle mear fragen."

Jan van der Meulen - Foto: Omrop Fryslân

De EHBO'ers hâlde de minsken goed yn de gaten, as se in prik hân ha. "Dat is it belangrykste", seit Van der Meulen. Yn it earste kertier dat ferslachjouwer Willem Vermeltfoort fan Omrop Fryslân by him wie, yn it WTC yn Ljouwert, moast er al meardere kearen yn aksje komme.

"We ha de wachtromte fol te sitten. En de dokter is ek al by ien. Dy is al in healoere net hielendal goed. It is fleanende drok", seit Van der Meulen.

Sjen nei de mûle

Van der Meulen sjocht benammen nei de mûle fan de misken dy't prikt binne. "As der in reaksje komt, meastal binnen tsien minuten, is dat faak om de mûle hinne. Dan begjinne se te switten. Minsken moatte it mûlkapke hjir ôfdwaan, oars kinne we it net sjen."

Van der Meulen makket lange dagen, soms wol tsien oeren, en soms ek wol tsien achter mekoar. "Dêrnei ha ik in pear dagen rêst, en dan geane we wer. It is in ropping."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn it WTC

(Advertinsje)
(Advertinsje)