Nederlân wol diskusje oer skaalfergrutting yn kontenerfeart

Nederlân wol yn ynternasjonaal ferbân in brede diskusje begjinne oer de skaalfergutting yn de kontenerfeart. Dat meldt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, nei oanlieding fan de kontenerramp mei de MSC Zoë.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Nederlân wol witte oft de regeljouwing yn de kontenerfeart noch wol yn de pas rint mei de skaalfergrutting. Dat docht bliken út in brief dy't minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Twadde Keamer stjoerd hat.
De minister leit yn de brief yn detail út wat se besiket te berikken by de International Maritime Organization (IMO). Dy organisaasje makket ôfspraken oer de regeljouwing op see.
Begjin 2019 rekke it kontenerskip MSC Zoë yn de problemen boppe de Waadeilannen. Yn de hege golven foelen hûnderten konteners oerboard. Der spielde fanalles oan op de Fryske strannen, mar in grut part fan de konteners is noait weromfûn.
Om it Nederlânske foarstel foar in brede diskusje oer de kontenerfeart te ûnderbouwen, is der neffens de minister in nij ûndersyk nedich nei it wetter dat by lytsere kontenerskippen oer dek spielt. Dat ûndersyk wurdt op dit stuit opstart, meldt de minister.
It is neffens de minister noch altyd net mooglik om de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen ôf te sluten. Yn Dútslân en Denemarken is dêr 'geen draagvlak' foar, meldt de minister. " Zelfs als die bereidheid er wel zou zijn geweest, dan zou een dergelijk voorstel in IMO weinig kans maken."
De minister wol wol dat kontenerskippen ferplichte wurde in elektroanysk ynstrumint te brûken, dat oanjout hoe skeef oft in skip hinget, as it slingeret yn de weagen. En as it oan Nederlân en Dútslân leit, wurde de warskôgings dy't mei min waar jûn wurde op de farrûtes boppe de Waadeilannen no ek opnaam yn de offisjele beskriuwing fan dy rûtes.