Westereender útjouwer Pieter Jan Heidstra giet fierder mei Bildtse Post

23 jun 2021 - 20:15

De Bildtse Post bliuwt bestean. De lokale krante, dy't op It Bilt ferskynt, komt yn hannen fan útjouwer Pieter Jan Heidstra fan De Westereen. Heidstra makket der in nije krante fan dy't ien kear yn 'e moanne útkomt.

Pieter Jan Heidstra - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn maart fan dit jier waard dúdlik dat de hjoeddeistige útjouwer der mei ophâlde wol.

De nije útjouwer Heidstra is bekend yn Noardeast-Fryslân, fan de streekkrante De Westereender. Hy wol De Bildtse Post yn in nij jaske stekke. De krante feroaret fan in wykblêd mei 1.600 abonnees yn in fergees moanneblêd, dat hús oan hús besoarge wurdt mei in oplage fan 6.000.

In Wâldpyk op It Bilt

'Ik bin fan plan om in krante te meitsjen mei, fan en foar de mienskip, mei omtinken foar de Biltske taal en skiednis', seit Heidstra. In Waldpyk op It Bilt, "Wy binne beide in sinnich folkje, mei in sterke eigen miening."

Der is lang besocht De Bildtse Post earne oars ûnder te bringen. "Wij binne al seker fyftyn jaar doende om de toekomst fan de krant failig te stellen", sei direkteur Dirk de Jong in maart. "Dat is útaindlik niet slaagd. En dat spyt ôns, de krant is 'n femilybedriif der't ik myn siel en salighyd inlaid hew".

Heidstra waard rekke troch it nijs dat De Bildtse Post ferdwine soe. "In grut ferlies foar It Bilt." Hy tinkt dat de nije Bildtse Post oanslaan sil.

"It is de bining tusken de Bilkerts, foaral ek troch it omtinken foar harren eigen taal. Ik bin sels dy taal noch net machtich mar stean foar de eigenheid dy't Bilkerts unyk makket."

Heidstra giet no fierder mei de krante dy't sûnt 1935 ferskynt. It lêste nûmer fan de hoeddeistige Bildtse Post komt nije wike út, de nij ferzje ferskynt op 15 septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)